Bouwen met Bouma’s bout, letterlik en figuerlik, oan de takomst fan Zambia. In grut probleem yn Sambia is de minne kwaliteit fan ûnderwiis, ûnfeilige klasselokalen en grôtfolle klassen. Troch klasselokalen te bouwen, en te ûnderhâlden, soargje wy derfoar dat der mear bern nei skoalle kinne, de leararen motivearre wurde om bern ûnderwiis te jaan en de bern feilich ûnderwiis ûntfange kinne.
En foar elk nij folweardich skoalgebou, fersoarget de Sambiaanske regearing, nei oplevering sertifisearre leararen. Troch it gebou krijt men dus better ûnderwiis en troch de lanlike oerheid wurdt de wearde fan it gebou feitlik ferdûbele. Men soe hjirmei stelle kinne dat elke ynlis yn Bouwen mei Bouma’s frijwol in rendemint fan 200% hat.
Sûnt 2006 binne in protte bouwers nei Zambia west om te helpen by de bou. Hjoeddeis bouwe we net sels mear mar leit ús fokus mear op finansiering, en ûndersteuning by de planning en útfiering. En mei nammen ek op it ûnderwizen fan boufakkers, sadat se mear sels dwaan kinne sûnder ús fysike help.
Sa fûn Bouwen met Bouma’s yn 2019 it Kaoma Trades Training Institute, dat sletten waard fanwegen in tekoart oan studinten, ree om opnij iepen te gean as wy minstens 10 studinten leverje soenen. En wy fûnen .. 18 studinten, wêrfan 5 froulju, dy’t doe in 2-jierrige folweardige timmeroplieding folgje koene. En no, yn 2024, wurd dizze skoalle fierder útwreiden mei noch ris 3 klasselokalen. Dit omdat de fraach nei en ynteresse foar goed ûnderwiis noch altyd hiel grut is.
Ien fan ‘e 13 bern út ‘e Bouma-famylje (Nijlân, Fryslân) gie yn 1993 nei Zambia as misjonaris / pryster. Dizze soan, Johannes Bouma (1930), krige syn oplieding op it lytse seminary fan ‘e Congregation of Missionaries of Marianhill (CMM) yn Arcen, Noard-Limboarch. Hy wurke hast 25 jier yn Súd-Afrika foardat hy te lâne kaam yn Zambia. Yn 2006 kamen fjouwer bruorren fan Johannes nei Zambia om dêr foar de mienskip fan Kaoma it Home Based Care Regina House te bouwen en sa ûntstie Bouwen Bouma’s! Yn 2016 ferliet Johannes Zambia om yn Nederlân (Arcen) te wenjen om sûnensredens. Wy gongen troch!
Yn de projekt foto’s is te sjen hokker wurk der sûnt 2006 dien is en hjiryn is ek de ûntwikkeling fan BmB sels tastber.
Bouwen mei Bouma’s hat in aktyf bestjoer yn Nederlân en aktyf bestjoer yn Zambia. De gearwurking tusken beide is hiel goed. Herman Bouma is al fan it begjin ôf in wichtige motor yn it gehiel. Syn funksjeromskriuwing ‘ boukoördinator ‘ dekt de lading net want hy docht folle mear. Twa kear yn it jier is er yn Zambia. Om ’t syn funksje sa wichtich is wurdt Herman sûnt koart bystien troch ús nije bestjoerslid Gerard Schoemaker. Gerard sil de taken fan Herman oernimme wannear ’t er ophâlde wol. Dêrmei is de kontinuteit foar BmB better sekere.
De echte krêft fan Bouwen met Bouma’s sit yn de gearwurking tusken beide bestjoeren wêrby ’t it ûndernimmerskip yn Sambia sa folle mooglik stimulearre wurdt. En we dogge alles mei ûnbetelle en goed motivearre krêften.
Us doel is finansjele en fysike stipe te jaan oan passende projekten yn Zambia. Dizze projekten binne foar elkenien, dus foar eltse religy, as net religieuzen, en eltse sekse of komôf. Om dizze projekten mooglik te meitsjen sammelje wy jild yn, sette wy aksjes op en sykje wy donateurs en frijwilligers.
Wy binne in lytse stichting dy’t ek de bedoeling hat lyts te bliuwen. We dogge ek ús bêst de kosten leech te hâlden. Fan elke euro dy’t binnen komt, giet mear as 95 sint nei Zambia!
Yn al de jierren is der in hiel soad dien.
Bouwe mei Bouma’s hat al mear as 1 miljoen euro ynvestearre yn Sambia. Dit is in grut bedrach mar ast sjochst wat foar dit bedrach delset is, dan is dit eins noch ymposanter.
Der binne 14 skoallen delset mei yn totaal 37 klasselokalen.
In studintekampus foar 64 persoanen, in mothershelter,3 sikesealtsjes, in keuken foar in weeshûs, in útwreiding fan in tsjerke en noch in mienskipsgebou.
En dan miskien minder taastber, mar perfoarst net minder wichtich, alle sosjaal maatskiplike dingen dy ’t it lokale BmB bestjoer selsstannich útfiert.
Noch mear yndruk makket it tal berekkene stúdzjejierren dat ûntfongen is fan dosinten yn ‘e BmB skoallen.
As der 50 bern yn in klasse geane (neffens Herman binne dat mear) komst út op 15.400 lesjierren.
Net te leauwen.
Njonken ynsamlingen wurde der ek aktiviteiten organisearre. It is bêst aardich om hjir oan mei te dwaan. Ast nijsgjirrich bist kinst gerêst ris sjen. En meist ek in freon of freondinne mei nimme.
Yn 2017 binne wy úteinsetten mei de training fan 6 minsken fia ús eigen bouwers Antoon Haagen en Piet Mous. Dizze mannen binne hiel goed slagge! Wy hawwe sjoen dat men yn koarte tiid in soad leare kin en seagen hjir kânsen. Yn 2019 hawwe wy dêrom in gearwurkingsferbân mei it Koama Training Institute opset en dy traine op it stuit 17 studinten, 10 manlju en 7 froulju, om folsleine timmerlju te wurden. De skoalbanken en de doarren dy't nedich wiene foar ús projekt yn Longe 2019 waarden makke troch de studinten.
Wolle jo in aksje opsette om jild te sammeljen foar de stichting? Wy wurdearje dat tige en helpe graach! In aksje opsette mei oaren, bygelyks mei jo kollega's, freonen, feriening of tsjerkemienskip is fansels leuker as allinich! Súksesfolle promoasjes út it ferline binne bygelyks: ferkeap fan krystkaarten, pompoenen, sponsor run, ferkeap fan nútsjesmoarpothâlders, golftoernoai, ferkeap fan twaddehâns items op in merk, kreamke op in merk of in beurs, organisearjen fan in diner.