Menu

bouwen met Bouma's

Oersjoch
Home Johannes Bouma

De stifting Bouwen met Bouma's


De stifting is ûntstien ût de famylje Bouma yn Nijlân yn Fryslân. In soan ût it gesin Bouma wurke  fan 1993 oant 2016 yn Zambia, as misjonaris / pryster. Yn 2005 besleaten in pear fan syn bruorren  om dêr ek de  hannen ût 'e mouwen te stekken.

Der waard in stifting oprjochte Bouwen met Bouma's en fan 2006 ôf bouwe elk jier in pear frijwilligers ût Nederlân wei, dêr seis wiken lang oan lytsskalige bouprojekten. Sa waarden om ferskate plakken skoallen en klaslokalen boud en bygelyks ek in keuken by in weeshûs, in sikesealtsje, in opfang foar  froulju dyût swier binne en in skoalle foar  bern mei in beheining.

Behalve in tal bouwers giet der ût Fryslân wei elk jier ek in kontainer mei guod, lykas klean, laptops, naaimasjines en boeken nei Zambia.

De stifting begûn yn  Fryslân yn 2005 mar is ûnderwilens ferspraat oer in grut part fan Nederlân. Alle jierren krijt dizze stifting troch spontane jeften sa'n 40.000,- euro. Ek it guod dat mei de kontainer nei Zambia brocht wurdt, komt ût hiel Nederlân.