Bestjoer op besite yn Kaoma
Elk jier giet Herman Bouma út namme fan it bestjoer yn jannewaris/febrewaris nei Kaoma om it projekt fan it ôfrûne jier ôf nei te rinnen en it nije projekt ta te rieden. Dêrneist binne der fansels genôch sakem om him mei dwaande te hâlden.
Faak giet hy tegearre mei syn frou Lies. Mar dit kear gong bestjoerslid Marjanne Schaper mei. Om mei eigen eagen te sjen wat der yn de ôfrûne tsien jier ta stân brocht is, mar ek om sels yn 'e kunde te kommen mei it lân en de omstannichheden.