Menu

bouwen met Bouma's

Johannes Bouma


Johannes Bouma (1930) waard berne as tredde soan yn in katolike hûsholding fan 13 bern yn Nijlân (Fryslân). As lytse jonge wist Johannes al dat er misjonaris wurde woe. Hy krige syn oplieding oan it lyts seminary fan de Kongregaasje fan Misjonarissen fan Mariannhill yn Arcen yn Noard-Limburch.
Yn 1952 kaam er yn by dizze kongregaasje. Yn 1957 waard er ta pryster wijd, mar hy moast  noch alve jier wachtsje foar dat er misjonaris waard. Hy gong nei Sûd Afrika dêr't er eteinlik hast 25 jier wurke .

Nei Zambia

Yn 1993 waard er oerpleatst nei Zambia. De earste trije jierren dêr wurke er yn it noarden, dêrnei yn Lusaka en ûteinlik yn Kaoma yn de Western Province. Yn dat lêste plak kamen yn 2006 fjouwer broers fan Johannes om dêr foar de mienskip fan Kaoma it Home Based Care Regina House te bouwen.

Mei emeritaat

Johannes Bouma is ûnderwilens mei emeritaat. Hy wennet yn Makeni (yn de buert fan Lusaka) yn in opliedingshûs fan Mariannhill. Lês ek it ynterview dat ta gelegenheid fan syn 50 - jierrich priesterjubileum ferskynde yn it Frysk Deiblêd.