Menu

bouwen met Bouma's

Projekt 2017 Longe


Yn 2017 wurde der yn Longe trije klaslokalen boud. Yn 2013 waarden der ek trije klaslokalen boud. It wie de bedoeling om in jier letter nochris trije klaslokalen te bouwen. Der wie lykwols gjin tastimming om de ôlde lokalen âf te brekken. It hat wat fuotten yn 'e ierde hên, mar de ôlde skoalle is âfbrutsen en no kinne der dit jier trije nije lokalen boud wurde. Om alle bern ûnder dak te krijen binne der noch wol twa lokalen nedich. Mooglik dat dy yn 2018 bouwd wurde kinne.



Om 't der in protte rein foel yn de perioade jannewaris-febrewaris, as de stiennen makke wurde, is de kwaliteit fan de stiennen dit jier tige goed. Se moatte namentlik net al te hurd droegje. Yn april is der ûtein set mei de bou en de ferwachting is dat yn july klear wêze en de lokalen oerdroegen wurde kinne oan de staat.

Op 23 juny jl. binne Antoon Haagen en Nico Mous nei Zambia êfset. Herman Bouma is al in wike earder êfreizige. Antoon en Nico hoege net by de bou fan de skoalle te helpen. Sy sille jonge boufakkers de kneepkes fan it fak leare. Under it motto : Lear my sels dwaan !